Sake vd Meer, ridder, riedslid, foarsitter en foaral natuerman en FNP er en kandidaat wetterskips ferkiezingen yn maart 2015
Ik bin Sake van der Meer ûndernimmer yn Koatstertille wêr ik mei myn frou Tsjikke in winkel yn fisksport en dierfoeders ha, en no mei pensjoen. Myn bestjoerlike ûnderfinning: no noch Riedslid-Foarsitter Sportfiskerij Fryslân-foarsitter HSV de Rietvoorn Koatstertille-Ried fan tasjoch millieufederaasje-Adviseur/bestoerslid MFA koatstertille-Foarsitter (Achtkarspelen) wurkgroep gearwurking Rieden 8K en T-Diel. Myn foarriche funksjes: bestjoerslid Sportfiskerij Nederlân (9 jier) Foarsitter ûndernimmers feriening (15 jier) skoallebestjoer-Ferskate besjoersfunksjes yn de politiek- Foarsitter stichting Doarpshûs (30 jier).
Nei oanlieding fan myn kandidaatstelling krige ik de fraach: It mar is blykber nea fol, no wol’jo ek noch in sit ha yn it wetterskip? Het sit sa ik hie my yn earsten net opjûn foar de ferkiezing, mar fan de FNP út kaam de fraach my kandidaat te stellen, fanwege myn achtergrûn. As foarsitter fan Sportvisserij Fryslân ha ik in protte mei it wetterskip en de natuer organisaasjes te krijen. Wy hawwe bygelyks tegearre mei Wetterskip Fryslân de ferbettering fan de wâlen yn de Delen oanpakt, de sportfiskerij hat der 150 fiskplakken oanlein (Wurk mei Wurk)in hiel moai projekt dat sjen lit wat jo yn goede gearwurking berikke kinne foar de natuer yn Fryslân.
It wetterskip is fan grut belang foar ús mienskip. Der is hiel wat te dwaan. Der lizze grutte útdagingen, sjoch nei de Kaderrjochtline wetter. Wy ha it dan oer wichtige saken as bemealling , behear, veenweide gebieden, fiskepassaazjes ens. Mar ek it oanpakken fan streuperij op lân en wetter, de kwaliteit fan it wetter... Neam mar op. Ik pleitsje al jierren foar sûn wetter. Dat liket sa simpel, mar dat is fuort net klear.
Wetter en alles wat der mei gearhinget is fan grutte wearde foar de leefberens fan fryslân. Ik wol my dêr fan herte foar ynsette!
Sake van der Meer Foarsitter HSV de Rietvoorn